Column: Spontaanwei dûnsje troch de oardel-meter-mienskip

Wytske Plekkringa —
rêstend wyksuster en wêrom-tinker

Noch mar in pear jier lyn sei Kees Jan tsjin ús: ‘Kollega’s, ek wy moatte no ús sosjaal netwurk opbouwe. As wy aanst âld binne, krupsje krije en help nedich hawwe, binne der net genôch ferpleegkundigen en fersoargers mear. Wy hawwe in netwurk nedich, en moatte ôfspraken meitsje om (as it sa fier is) foar elkoar te soargjen’.

We laken der wat om, tochten: dat sil ús tiid wol duorje. Al miende Kees Jan it sa serieus as ‘t mar kin. Wy dienen op dat stuit ûndersyk nei hoe’t de flach yn ‘e soarch der yn 2030 by hingje sil. Mear âlderen, minder jongerein, en mei namme op it plattelân ferskraling fan soarchtsjinsten en foarsjennings, te min húsdokters… En we betochten hokker help as de minsken dan nedich hawwe soenen en op hokker wize as se oan dy help komme moasten as der net genôch beropskrêften mear beskikber wienen. Help fan buorlju, fan famylje, technyk ynsette, dat hienen we allegear al betocht. En dat de minsken dêrfoar ‘kompetinsjes’ nedich hawwe, bygelyks it oandoaren, om help te freegjen of oan te bieden. Ynformaasje fine kinne en sels in sinfolle ynfolling foar harren dagen en libben betinke kinne. Mar it sosjaal netwurk, sei Kees Jan, dát wie it wichtichst! Dêr moasten wy, fyftigers, no mar fuortendaliks mei begjinne.

Dus wy ferdienen ús tiid mei nammen te neamen fan minsken dy’t we foaral nèt yn ús sosjaal netwurk ha woenen. Om’t se yn ‘e fierste fierte net geskikt wienen om ús ûnder de dûs te helpen, ús kalkneilen fan ‘e teannen te knippen of yn ús keuken om te rommeljen. Of omt se gitaar spilen of nijsgjierrich wiene, net rjocht te fertrouwen mei de pinpasse of omdat se miskien wol oanpappe kinne soenen mei Kees Jan syn partner (‘hoewol dat lêste tsjin dy tiid grif wol tafolle sil…’). Nee, sa’n netwurk liek ús mar neat. Wy soenen dochs mar autonoom bliuwe, ús eigen beantsjes dopje en de smoarge wask net bûten hingje.
Oan dizze weardefolle en hast profetyske petearen moat ik dizze dagen gauris tinke. Wêr’t de beropskrêften it hast net mear bysloffe kinne, helpe sosjale netwurken minsken troch moaie en troch drege tiden.

Foar wa’t ek noch begjinne moat oan ‘e bou fan in eigen sosjaal netwurk: wurd net skrútel troch jo eigen (d)rimpels en betinkings. De measte minsken wolle jo graach helpe of jo help oannimme. It is in kwestje fan kontakt meitsje en de goede begjinfraach oan elkoar stelle.

Lykas eartiids, op ‘e skoaljûn. Mei ‘Sille wy stiekem even in peukje dwaan?’ of ‘Wolst brommers sjen?’ kin dat fansels, mar ek mei in gewoan ‘Wolst dûnsje?’ komme jo faaks in hiel ein. Jo fertale de fraach ienfâldich nei: ferlet fan in healtsje brún, in flesse sûpe, help by it byld-beljen of stipe by in lytse reparaasje fan in drippende kraan of sa.

Hawar, dêr komme jo grif sels wol út. Komt it ûnferwachts dan dochs ta dûnsjen: slowe of kliemsk plakke dêrby mei, mar mear nijmoadrich kin ek, as de wrakke heupen en de wibeljende skonken dat talitte. Bewege is altyd goed. Sa lang as jo mar de regels fan ‘e oardel-meter-mienskip yn acht nimme.

Dat fyn ik der fan! Enne… pas goed op elkoar!
Wytske Plekkringa
(rêstend wyksuster en wêrom-tinker)

Agenda:

Sorry, we couldn't find any posts. Please try a different search.